Iepen Hûs yn haadpriis lotterij VV Ouwe Syl

Yn Aldebiltsyl kinne minsken sneon it hûs besjen dat dielnimmers winne kinne by de lotterij fan V.V. Ouwe Syl. It hûs oan De Kolk hat in wearde fan 200.000 euro en minsken kinne it hûs winne troch in lot fan 98 euro te keapjen. Dat kin op de webside www.verloterij.nl.

Mei-inoar binne der 7.908 lotten beskikber. Op 11 novimber wurdt it winnende lot lutsen. Oant no ta binne der al sa'n 1300 lotten ferkocht. De organisaasje giet derfan út dat dat der de kommende wiken folle mear wurde. Oant en mei 15.00 oere is it mooglik om it hûs te besjen.