Ljouwerter iishal giet op 19 augustus wer iepen foar publyk

15 jul 2017 - 11:49

De Elfstedenhal yn Ljouwert giet oer goed in moanne al iepen. Op 19 augustus gean de doarren iepen foar publyk en oaren dy't rûntsjes ride wolle. Ornaris is dat pas begjin oktober. Neffens direkteur Johan van der Kooi binne der in soad 'fanatikelingen' dy't freegje oft se alwer ride meie.

Ut in koarte enkête op ynternet die bliken dat dat kloppe en doe is de knoop trochhakt. Dat is dien yn goed oerlis mei de direksje fan iishal Thialf op It Hearrenfean. Dy hal giet begjin septimber wer iepen. Van der Kooi hopet dat ek de topploegen wer del komme om te trainen.

Trefwurden: 
iishal simmeriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)