Facebook-aksje mem helpt soan mei ASS oan plak op skoalle

15 jul 2017 - 10:44

In jonge fan 16 út Frjentsjer woe graach syn diploma helje, mar koe net nei skoalle. It klinkt nuver mar it bart. It giet om Jurre, in pseudonym foar in jonge út Frjentsjer. Hy hat ASS, in foarm fan autisme, en kin dêrom net nei skoalle. Sels yn it spesjaal ûnderwiis koene se him net helpe en dêrom hie Jurre gjin learplicht mear. Hy krige plak op soarchbuorkerij Lyts Tolsum en dêr krige hy ek ûnderwiis oanbean. Dat gie sa goed dat Jurre yn in jier tiid twa skoaljierren ynhelle.

Nei de simmerfakânsje soe hy nei it fjirde jier gean fan it VMBO-TL ûnderwiis. Mar dêr giet it no mis. De gemeenten dy't gean oer de budzjetten stekke dêr in stokje foar. Want soarchjild mei net brûkt wurde foar ûnderwiis en oarsom. Jurre kin no syn diploma net helje en dat frustrearret him en syn mem yn moarch en bonken. Yn in berjocht op Facebook beskriuwt mem Laura van Twillert har frustraasje oer it systeem.

Dat berjocht waard yn koarte tiid al mear as twatûzen kear dield. En dat dielen holp fuortendaliks. It CDA yn Den Haag hat de ôfdieling yn Frjentsjer oan it wurk set. Gemeentlike meiwurkers kamen gelyk yn aksje en guon riedsleden út oare gemeenten lykas Ljouwert en Súdwest-Fryslân fregen om opheldering. Foar Jurre wie der goed nijs: De gemeente Frjentsjerteradiel garandearret dat hy syn oplieding ôfmeitsje kin.

Foar syn mem Laura van Twillert is de saak lykwols noch net klear. Njonken Jurre sitte noch sân bern mei itselde probleem. Dy falle troch dit soarte fan regels tusken wâl en skip.

Trefwurden: 
autisme ASS
(Advertinsje)
(Advertinsje)