Kraanfûgeleksposysje foar slachtoffer MH17-ramp yn Emmen

Kommende moandei om 15.20 is it eksakt trije jier lien dat flucht MH17 boppe Oekraïne út de loft sketten waard. 298 minsken kamen om by de ramp. Ien fan de slachtoffers wie Hieke Raap, fan oarsprong fan Driezum. Har kollega, dosint Tjitske Dijkstra, woe it net samar foarby gean litte en betocht in plan: tûzen kraanfûgels teare.

Dy tûzen fûgels wiene der yn in pear wike tiid, mar de aksje krige wrâldwiid omtinken en de kraanfûgels streamden binnen. It resultaat is in eksposysje yn de âlde bistetún fan Emmen mei mar leafst 298.000 kraanfûgels; tûzen foar elts slachtoffer. Moandei wurdt de ekpsysje yn de eardere bistetún fan Emmen iepene troch de boargemaster Eric van Oosterhout. De brieven dy't de makkers fan de kraanfûgels meistjoerden binne ek ûnderdiel fan de útstalling.