Kollum: "T-Mobile en harren reklame"

"Okee, foarop sein: ik bin in taalgek. Mei in grutte leafde foar twa talen, it Frysk en it Ingelsk. Beide talen ha prachtige foarmen. It Frysk yn de Súdwesthoeke mei syn skieppeskuorredoarren is wer hiel oars as it Wâldfrysk, heite. Mar it hat beide syn sjarme. Dat wol sizze, as je it goed útsprekke. Myn mem learde my it Súdwesthoeks, mar trochdat ik al jierren yn de Wâlden wenje, is dy taalfariant my ek eigen wurden. Stellingwerfsk is Saksysk, ek hiel smout. Mar it falt en stiet mei hoe’t je it útsprekke.

Wat dat oangiet moat my fan it hert dat in multinational as T-Mobile op reklamemêd in modderfiguer slacht. Ingelsk is wrâldwiid de meast gongbere taal. As wy Nieuw Amsterdam op 10 novimber 1674 net oerdroegen hienen oan de Ingelsen, hie dat miskien oars west. Mar dat is achterneipraat.

Je kinne mei Ingelsk oeral telâne, sels tidens in kompleet binnenlânske Russyske flecht fertelt de stewardess yn James Bondgirl Ingelsk wat je dwaan moatte as de Toepolev der mei ophâldt.
Ingelsk hat ek in soad farianten. Doe’t ik yn 1987 staazjerûn yn de Kanadeeske provinsje Nova Scotia, kaam ik der al rap achter dat myn BBC Ingelsk wol hiel keurich en korrekt wie. Ien fan de wurden dêr’t ik dat oan ôfliede koe, wie it wrâldferneamde f-wurd. Dat leit de gemiddelde Ingelskprater foaroan yn de mûle. Sels tige tsjerklike Fryske emigranten, kaam ik dêr doe achter. Mar ek ús eigen bern op de skoallen brûke oates en toates de útdrukking what the fuck. Yn Nova Scotia waard dat wurd yn 1987 ek al in soad brûkt. En dan leare je dat it keurige fuck meastentiids as fock útsprutsen wurdt. Dus passe jo jo eigen útspraak dêr op oan.

Us âldste dochter sil yn Grins studearje. Dy stúdzje is Ingelsktalich, dêr wie lêstendeis wat reboelje oer, mar der binne wol oare saken dêr’t we ús drok oer meitsje kinne. Ingelsk is net mear wei te tinken út ús deistich libben. Harkje mar ris nei in reklameblok op de radio. Yn 99 prosint fan de boadskippen sitte Ingelske wurden. Is dat slim? Soms wol. Want nochris, it giet der om hoe’t je it útsprekke.

Minsken dy’t dizze tekst lêze, kinne dat net sa goed hearre, mar der sit ek in opsje op de side fan de Omrop om dizze kollum te beharkjen, yn dit gefal is dat handich.

Check www.huppeldepup.nl, private lease, winkels ha gjin útferkeap mear mar sale. Samar wat foarbylden fan Ingelske reklame úteringen dy’t faak foarkomme. En hast eltsenien sprekt dy wurden goed út. Mar net de jongedame dy’t de reklames foar T-Mobile ynsprekt. Eltse kear as ik dat hear, gean myn nekhierren oerein stean. It giet om ien wurd. En dat is it wurd unlimited. Dat sprekke jo út mei as begjinletter in krúsing tusken in o en in a. Dy u feroaret dus fan klank. Oeral op de wrâld sprekke minsken dat sa út. Unlimited. Hiel plat en ferkeard wurdt dat as je dy begjinletter u as uh... útsprekke. Dan klinkt it as uhnlimited. Dat is tsien kear slimmer as tiidwurden omdraaie. Echt. Ik krij der freeslik jokte fan en slim argewaasje. Want T-Mobile hat de uhnlimited weken. Dat betsjut uhnlimited bellen en sms’en. Check www. De rest snappe jim wol. Ik rop op ta in boykot op alles fan T-Mobile, oant se harren talen op oarder ha. Sels reklame is in stikje beskaving. En net in plak om uhnlimited in taal te ferkrêftsjen.
Sa, dat luchtet unlimited op. Goed wykein!"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.