Frjentsjer fiert feestlike ôfsluting Franeker Waddenpoort

14 jul 2017 - 21:30

Yn Frjentsjer wurdt dit wykein it projekt Franeker Waddenpoort feestlik ôfsluten. Mei dit projekt is de stêd sawol oer de dyk as oer it wetter better berikber wurden. Der binne trije nije brêgen kommen en in soad oanlisplakken by kommen. It hiele wykein is der fan alles te rêden yn de stêd, lykas it Oldtimer en Skippefestival. De festiviteiten begongen freedtejûn mei in floatskou fan oldtimerboaten.

De kommende tiid stean noch mear saken op it programma, lykas de oanpak fan it stasjonsplein, de bochtferbreding fan it Van Harinxmakanaal en de fernijing fan de Suderkade.

(Advertinsje)
(Advertinsje)