SC Cambuur yn slotfaze ûnderút tsjin Almere City FC

14 jul 2017 - 20:55

SC Cambuur hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin Almere City FC teloarstellend ferlern. Op it sportpark fan de Ljouwerter fuotbalklup Leovardia waard it nei njoggentich minuten 3-2 yn it foardiel fan de fuotballers út Almere.

Yn de earste helte kaam de gastploech op foarsprong troch in doelpunt fan Quekel. Nei it skoft pakte Cambuur de toutsjes yn hannen. Troch goals fan Nigel Robertha en Rutger Etten stie it team fan trainer Marinus Dijkhuizen ynienen op in 2-1 foarsprong.

Almere City kaam lykwols tsien minuten letter op likense hichte. Tadmine makke foar syn ploech de 2-2 yn Ljouwert. Krekt foar tiid helle Van Hilten de winst binnen foar Almere City FC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)