Twa auto's ride de sleat yn by Hidaard

14 jul 2017 - 20:20
Foto: AS Media

By in ûngelok op de Tjebbingadyk by Hidaard binne freedtemiddei twa auto's by it talúd delrekke en yn de sleat bedarre.

It is ûnbekend hoe't dat barre koe en oft der ek minsken ferwûne rekke binne. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Hidaard ûngelok auto sleat
(Advertinsje)
(Advertinsje)