Fertochte yn Tsjûkemarmoardsaak yn heger berop frijsprutsen

14 jul 2017 - 19:50

Ien fan de fertochten yn de Tsjûkemarmoardsaak is freed yn de heger-beropssaak frijsprutsen. It giet om de 21-jierrige soan fan de tabakswinkelier. Dy man wie de haadfertochte yn de saak, mar hy ferstoar yn syn sel, foardat de rjochtsaak begongen wie. Yn desimber 2015 wie de soan troch de rjochtbank ta acht jier sel feroardielde, mar it hôf kaam ta de konklúzje dat in belêstende ferklearring te min stipe waard troch oare bewizen.

De fertochte ûntkende dat hy belutsen west hat by de moard op de 35-jierrige Omar Kourrich. Kourrich waard yn juny 2013 yn syn winkel yn Amsterdam mei in honkbalknuppel deaslein. Op it parkearplak fan de A6 by de Tsjûkemar waard syn lichem yn de brân stutsen. Twa oare fertochten fan 32 en 29 jier, waarden feroardiele ta twa en fjouwer jier sel.

De âldste fan de twa soe holpen hawwe by it ferbrânen fan it stoflik omskot, de oare soe de tape levere hawwe, dêr't it slachtoffer mei fêstbûn en knevele wie.

(advertinsje)
(advertinsje)