Nederlânske follybalfroulju te sterk foar België

14 jul 2017 - 19:32
Foto: ANP

De Nederlânske follybalfroulju, mei Friezinne Marrit Jasper fan Snits, binne it twadde wykein fan de World Grand Prix begûn mei in oerwinning. Yn it Russyske Kaliningrad wienen de Oranjefroulju freedtejûn yn trije sets te sterk foar België. It waard 25-22, 25-19 en 25-21 yn it foardiel fan Nederlân.

Foar de follybalfroulju wie it de tredde oerwinning yn de fjirde groepswedstriid. Sneon komt Oranje opnij yn aksje, dan wachtet de Dominikaanske Republyk as tsjinstanner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)