Eask: jeugd-tbs foar 19-jierrige brânstichter
Tsjin in 19-jierrige jonge út Easterwâlde, dy't brân stichte hat yn in wenning fan Phusis, hat it Iepenbier Ministearje jeugd-tbs easke. De jonge wie it dêr mei iens, hy tinkt dat opname yn in sletten ynstelling foar minimaal twa jier krekt geskikt foar him is. De reden foar de brânstichting wie ek dat hy him dêr net feilich fielde, mei de brânstichting hope hy om dêr wei tekommen.
De jonge hat lêst fan in hechtingsstoarnis en it giet foaral mis as hy drugs brûkt hat. De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wike útspraak.