Nyck de Vries makket noch gjin yndruk op Silverstone

14 jul 2017 - 16:59

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits hat freedtemiddei net in soad yndruk makke by de kwalifikaasje foar de Formule 2-races dit wykein. Op it histoaryske sirkwy fan Silverstone yn Ingelân ried De Vries úteinlik nei in alfde tiid. Op dat plak mei er sadwaande sneon begjinne yn de haadrace.

De Frânske Charles Leclerc wie freedtemiddei net foar it earst dit seizoen de rapste koereur yn de kwalifikaasje. Hy pakte foar de sechde race op rige de 'pole position'.

(advertinsje)
(advertinsje)