Eaststellingwervers stimme op ynnovative projekten

Fan de oanskaf fan in beamer foar de senioareklup oant in foarstel foar leechdrompelich fytsen fan de fytsklup: it binne in pear ideeën dy't yntsjinne binne yn Eaststellingwerf. Dy gemeente hat trije ton te ferdielen. Mei-elkoar dogge sa'n 35 inisjatyfnimmers freed op de Boerestreek yn Appelskea har bêst om jild binnen te heljen út it fûns. Der is lykwols foar mear as acht ton oanfrege. Boargers stimme op de projekten dy't jild krije moatte.
Maatskiplike belutsenheid
"It is de tredde kear dat we dit dogge, der wie in miljoen beskikber, en dat ha we yn trijen knipt," fertelt wethâlder Engbert van Esch. "Der komme hieltyd mear ideeën, en faak ek ynnovative. Boargers betinke saken dêr't we as amtners net oan tinke. In idee is bygelyks om de bosk fan Aldeberkeap opknappe te litten en dan op termyn it ûnderhâld troch minsken mei in beheining dwaan te litten. Soks past by ús doel om maatskiplike belutsenheid op termyn te krijen." It jild komt út belestingen en giet no wer werom nei de mienskip. "Nei in evaluaasje wolle we sjen oft we dit struktureel mooglik meitsje kinne. De inisjativen binne goed."
Yn de earste oere binne al 300 stimmen útbrocht. De wethâlder hopet op 1.200 stimmen. It stimburo is oant 19.00 oere iepen. Mei de stimmen fan de advyskommisje derby komt de einútslach dêr't it kolleezje sneon al oer prate sil.