Wer fernielingen op terrein sânhotel yn Snits

14 jul 2017 - 16:32

Yn it alderearste sânhotel fan de wrâld, kin dit jier net mear útfanhuze wurde. Der is ynbrutsen yn de akkommodaasje fan it Sânskulptuerefestival en alles is fernield. It sânhotel stie opslein op in terrein oan de Boalserterdyk yn Snits. De skea rint yn de tûzenen euro's en de organisaasje is dêr net foar fersekere. It is al de twadde kear dit jier dat se dupearre binne troch fandalisme.
Yn april waard ynbrutsen yn de opslach-units op itselde terrein.

De skea wie doe sa grut dat de edysje 2017 fan it festival net trochgean kin. Fan it Iepenbier Ministearje krigen se freed te hearren dat der wol bekentenissen binne, mar dat der gjin rjochtsaak komt. Alec Messchaert fan de organisaasje is lilk en frustrearre troch de gong fan saken, hielendal no't wer fernielings oanrjochte binne. De organisaasje hat ek wer oanjefte dien by de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)