Kabinet wol finansjele kompensaasje Q-koarts-pasjinten

Pleatsen mei in soad geiten soene de boarne wêze fan Q-koarts © ANP
It kabinet wol dochs komme mei in finansjele kompensaasje foar Q-koarts-pasjinten. Se wolle dêrfoar tsien miljoen euro reservearje. De Twadde Keamer is dêr freed oer ynformearre. De Q-koarts bruts út yn 2007, offisjeel binne der yn ús lân 75 minsken stoarn oan de sykte. Ek yn Fryslân binne pasjinten.
Yn jannewaris hat de rjochter noch útsprutsen dat de oerheid genôch dien hat oan foarljochting en dat de maatregels dy't naam binne ek foldwaande wienen. It kabinet stelt no dat de Q-koarts grutte gefolgen hân hat en wol mei de kompensaasje dy gefolgen erkenne.