Oanpak oerlêst Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De mienskiplike oanpak fan de problemen mei jongerein yn de Keatsersbuert fan Frjentsjer docht fertuten. Dat die woansdei bliken op in gearkomste fan de buertferiening.
Yn april waarden de yrritaasjes fan de wykbewenners nei bûten brocht. It gie om groepkes jongeren dy't foar oerlêst soargen en der waard sein troch guon bewenners dat der drugs brûkt waarden. Doe waard ek besletten ta in mienskiplike oanpak mei help fan it Jeugdwurk fan De Skûle.