Fûgelbeskerming oerwaget aksje om guozzeplan provinsje

14 jul 2017 - 15:44
Guozzen by Easterlittens - Foto: Henk Bootsma

De Fûgelbeskerming nimt mooglik stappen tsjin de provinsje fanwegen de plannen om mear as 200.000 winterguozzen ôf te sjitten. De provinsje wol sa wat dwaan oan de skea dy't de guozzen feroarsaakje. Neffens de Fûgelbeskerming is it ôfsjitten fan de guozzen ûnakseptabel.

Mear as de helte fan de Europeeske populaasje fan bepaalde soarten guozzen oerwinteret yn Nederlân. Dêrom hat Nederlân in grutte ynternasjonale ferantwurdlikheid foar it bieden fan rêst, romte en fretten foar de fûgels, seit de Fûgelbeskerming.

(advertinsje)
(advertinsje)