"Dy swypkjende konten fan dy froulju, it sjocht der net út!"

14 jul 2017 - 15:42

Fryslân rint, nettsjintsteande de dielname fan de fjouwer Friezen oan it EK frouljusfuotbal noch net echt waarm foar it evenemint. Sherida Spitse, Loes Geurts en Sisca Folkertsma spylje mei en Foppe de Haan is de assistint-bûnscoach.

Op de freedsmerk yn Ljouwert sizze sawol manlju as froulju net de telefyzje fuort oan te setten foar de wedstriden fan de Oranje Liuwinnen. "Alles is een paar tempootjes lager, ik vind het niets aan om naar te kijken," sa seit in jongkeardel op de freedsmerk.

Konten

"Ik sjoch der al nei, it is wol ôfwachtsjen hoe fier't se komme kinne, mar ik sjoch alles!" seit in wat âldere man. "Ik ferwachtsje de heale finale. Ik folgje it fuotbal fan de froulju fan Oranje en fyn dat se better wurden binne de lêste tiid," fynt wer in oar. "Allinnich as dy froulju it hiel goed dogge, dan set ik de TV oan. Oars sit ik leaver foar de Tour de France." "Al dy swypkjende konten fan dy froulju! It sjocht der net út!" "Ik ha sels as famke fuotballe en hoopje dus dat dy froulju goed harren bêst dogge. Al fyn ik wol dat it lichem fan in man wat geskikter is mei it fuotbaljen," seit in frou fan in jier as tritich.

By boekhannel Van der Velde yn Ljouwert fernimme se wol dat it frouljusfuotbal populêrder wurden is. Dêr ferkeapje se folle mear boeken dy't oer frouljusfuotbal gean.

Trefwurden: 
froulju fuotbal freedsmerk EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)