Fryske muzikanten stride om poadiumplak op WMC

© www.excelsior-schraard.nl
In soad Fryske muzikanten reizgje dit wykein wer nei Kerkrade dêr’t dizze moanne it Wrâld Muzyk Konkoers, it WMC, hâlden wurdt. Yn de earste difyzje Fanfare sille Christelijke Muziekvereniging Excelsior Skraard en Muziekvereniging Joost Wiersma Jistrum it poadium opgean. Beide sille ûnder oare in ferplicht wurk Diamond for Parker fan Rob Goorhuis spylje. Dit wurk is spesjaal komponearre foar de Jouster Fanfare.
Wilhemina Easterein en CMV Fanfare Oranje Dokkum stride yn de twadde difyzje om de titel wrâldkampioen. Ek yn it stadion fan Roda JC by de mars en showwedstriden melde Fryske orkesten har. Drumfanfare Oranje Minnertsgea sil meidwaan oan de marswedstriden. Showband Sternse Slotlanders fan Frjentsjer sil op sneon en snein it fjild op.
Alle orkesten krije dit wykein wol in oantal punten te hearren, mar de winner wurdt pas yn it lêste wykein fan july bekend makke om’t de kommende wykeinen ek noch orkesten spylje moatte.