Grutste klimsintrum fan Fryslân moat yn Ljouwert komme

14 jul 2017 - 15:21

BV Sport wol yn de rin fan 2018 it grutste klimsintrum fan Fryslân bouwe. It tûzen kante meter grutte sintrum moat plak krije op de Sportcampus Fryslân, dêr't no swimbad de Blauwe Golf en de Hegeskoallen NHL en Stenden al fêstige binne. Yn it klimsintrum moat it mooglik wurde om bygelyks te absilen of oan caving te dwaan. Dat is in soarte fan klimme troch rotspartijen.

Fierder moat der romte komme foar klimmuorren, in boulder-romte en clip and climb. BV Sport sil sels ta de bûse gean foar de kosten fan it gebou. De gemeente Ljouwert moat noch in fergunning ôfjaan foar de bou. De opdracht foar de bou is foar sport-boubedriuw Vaessen, dy't earder al sporthal Rengers realisearre.

Trefwurden: 
BV Sport klimmen Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)