Ruilferkaveling nei iuw ôfsletten yn Fryslân

14 jul 2017 - 15:03

De alderlêste ruilferkaveling is freed yn Fryslân ôfsletten. 'Baarderadeel' is it slotstik fan in rige fan goed fyftich grutte projekten dy’t yn de ôfrûne iuw yn Fryslân útfierd binne. Mei-elkoar ha der ferkavelingen west oer goed 277.000 bunder yn de provinsje. 'Baarderadeel' wie yn it bûtengebiet fan de gemeenten Littenseradiel, Menameradiel en Ljouwert. De tariedingen begûnen yn 1980 en yn 1996 begûn de útfiering.

Primeur

De earste Fryske ruilferkaveling waard yn 1916 ôfsletten. It wie tagelyk ek de earste Nederlânske ruilferkaveling. It gie om de 'Ballumer Mieden' op It Amelân. De boer hie foar de ruilferkaveling 12 bunder grûn, ferdield oer 269 stikjes lân. Nei ôfrin hie er likefolle lân, mar dan ferdield oer fiif perselen. Yn De Rottefalle waard yn de jierren 1953-1956 in eksperimint dien, dêr’t tritich boerefamyljes oan meidienen, dat letter op tal fan plakken neifolge waard.

Oprêde

Yn it foarste plak wie it benammen bedoeld om de boeren it wurkjen makliker te meitsjen, mar geandewei waarden lânbougebieten hielendal op ‘e nij ynrjochte. Benammen de klaai en it súdwesten fan Fryslân hie in âlde ferkavelingsstruktuer. Foar boeren is it lestich om mei in moderne trekker op al dy lytse stikjes lân te wurkjen. Nei de Twadde Wrâldoarloch moast de lânbou rasjoneel opset wurde en dat betsjutte skaalfergrutting. Ruilferkaveling wie dêr geskikt foar. De losse stikken lân fan boeren waarden gearfoege ta oanienslutende blokken. Dêrtroch waarden in soad âldere lânskiplike eleminten lykas sleatten, houtwâlen en âlde paden, oprêden. Ruilferkaveling hat it oansjen fan it Fryske lânskip yn de ôfrûne tsientallen jierren dus feroare.

Natuerbehear

Yn 1924 kaam de earste ruilferkavelingswet ta stân en koenen boeren twongen wurde om mei te wurkjen. By de ‘Landinrichtingswet’ út 1985 kaam it swiertepunt te lizzen by natuerbehear. En dan net inkeld natuerbehâld, mar ek it meitsjen fan nije natuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)