Middel fuort as boargemaster

26 okt 2011 - 22:26

Boargemaster Bert Middel (59) fan Smellingerlân giet per 1 desimber fuort. Hy wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2012 dykgraaf by it wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân. De gemeenteried fan Smellingerlân hat koartlyn noch sein dat se Middel graach foar in twadde termyn as boargemaster ha wolle. Dy beneaming soe op 1 desimber yngean. Middel hat seis jier boargemaster fan Smellingerlân west.

(Advertinsje)
(Advertinsje)