Seksje op lichem Van Seggeren: mooglik oanriden

14 jul 2017 - 14:29

De 37-jierrige Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach is mooglik oanriden. By it NFI is seksje dien op it lichem. Ut dy seksje is nei foaren kaam dat it slachtoffer flinke ferwûningen hie, ûnder oare oan de holle. It ûndersyksteam hâldt rekken mei ferskillende senario’s, lykas dat er mooglik oanriden is. Earder waard sein dat de man troch in misdriuw om it libben kaam is.

Tips

It ûndersyk nei de dea fan Van Seggeren is noch yn folle gong. Der binne goed 25 tips binnenkommen. In part giet oer wat minsken sjoen ha bûten it terrein fan it muzykfestival. De plysje siket noch mear tips, mooglik ha minsken in foertúch mei skea sjoen.

Van Seggeren waard sneintemoarn dea fûn by De Westereen yn de greide by de krusing Fogelsang-Bûterwei. Hy hat sneontejûn by it muzykfeest Freeze Forze Beach Fest yn De Westereen west. Op in stuit is er fuortgien en waard neat mear fan him fernommen.

Minsken kinne de plysje belje op 0900-8844 of anonym fia Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)