Wêr moatte goede Waadrinskuon oan foldwaan?

14 jul 2017 - 12:31

Waadrinne is moai, mar dyn skuon kinst nei ôfrin wol fuortsmite. Se sitte ûnder de swarte blabber en stjonke ferskriklik. De Waadrinferiening is no oan it testen mei in nij type skoech, dat duorsum en hip wêze moat. "Je moet ermee het Wad op kunnen, maar ze net zo goed in de stad kunnen dragen," fertelt Renate de Backere fan de Waadferiening.

Prototype

De skuon moatte oan in tal easken foldwaan: goed sitten bliuwe, skjin te meitsjen wêze, in stevige soal hawwe, maklik oan en út te lûken wêze en moatst fansels waarme en drûge fuotten hâlde. Se wurkje mei it bedriuw Blue Loop Orginals út Twinte en ûntwerpster Petra Beins. "Er is een prototype gemaakt en dat wordt nu uitgetest. De schoen is van recyclebaar materiaal gemaakt en de zool komt uit een fabriek in Portugal." Dizze simmer teste frijwilligers de skuon en nei de simmer komme se by elkoar om de ûnderfiningen út te wikseljen. De skuon binne foarearst noch net te keap. "Ik hoop dat ze volgend jaar op de markt komen. We willen met het beste materiaal de beste schoen maken."

Trefwurden: 
waadrinne skuon
(Advertinsje)
(Advertinsje)