Hoe't Geert Mak werom nei Jorwert kaam

Skriuwer en sjoernalist Geert Mak komt werom nei Jorwert. Hy hat de pastorij yn it doarp kocht. De suksesfolle skriuwer wenne earder yn it doarp, mar ferhuze in pear jier lyn nei Bartlehiem. Dêr wennet er mei in soad nocht, mar Jorwert bliuwt foar him in spesjaal plak.
Yn 1997 ferskynde syn boek 'Hoe God verdween uit Jorwert'. It beskriuwt de feroarings op it plattelân tusken 1955 en 1995, mei Jorwert as foarbyld. It boek sette Jorwert op de kaart.