Zappelin lansearret Frysk fakânsjeboek foar bern

Pjutte- en beukerstjoerder Zappelin fan de NPO hat dit jier in fakânsjeboek yn it Frysk útbrocht. De spultsjes, ferhaaltsjes en ferskes oer Nijntje, Woezel & Pip en Winnie de Pooh binne allegear yn it Frysk. Fierder stean der ek ferskate echte Fryske saken yn lykas in ferhaaltsje oer Tomke en in kleurplaat fan de Fryske flagge. De Fryske edysje is in idee fan útjouwer FC Klap, omdat it fakânsjedoeboek fan Zeppelin dit jier 15 jier bestiet. It fakânsjeboek hat in oplage fan 10.000 stiks.