"Der is net in kear itselde, it Waad is alle dagen oars"

15 jul 2017 - 10:30

Luppo Deuntje út Drachten is al 21 jier waadringids en hat al mear as 800 kear it Waad oerstutsen. Hy sit dan ek fol ferhalen: oer dy kear dat er mei in skoalklasse op 'en paad wie en der tongerwolken oan 'e loft ferskynden. Doe't er belle mei it kantoar fan de waadrinferiening waard him ferteld dat er gewoan trochrinne koe want op de radar wie neat te sjen. Luppo fertroude it net en besleat dochs werom te gean. Sa hurd mooglik sochten se de fêste wâl op. Krekt op ’e tiid koene se in boereskuorre berikke. It needwaar wie sa hurd opkommen dat it op de radar noch net te sjen wie.

Willem-Alexander

Of it ferhaal fan syn kollega waadringids dy't in hertoanfal krige en ferstoar... midden op it Waad. Luppo Deuntje kin ek smaaklik fertelle oer in geheime waadrintocht in jier as acht lyn. Hy mocht tsjin net ien sizze dat er in tocht meitsje soe nei De Kalkman (Engelsmanplaat) omdat it selskip bestie út de keninklike famylje. "Alex pakte myn stôk en batste sa troch de geulen, it makke him neat út."

Geartsje de Vries tekene syn ferhalen op doe't se yn in lyts groepke fan Holwert nei It Amelân rûn en ek mei minsken út de groep hie se hiele petearen. Sa fertelde in dielnimmer út Limboarch dat it wierskynlik syn lêste kear wie omdat er sûnt in jier Parkinson hat. Fansels komt ek it bysûndere karakter fan it Waad oan 'e oarder. "De leegheid van die enorme vlakte.... Leeg maar toch elke keer weer anders, het maakt mij klein."

Yn Buro de Vries snein in ferslach fan de sa no en dan behoarlik pittige tocht dy't Geartsje makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)