Moasje foar fytsbrêge by Van Harinxmakanaal Dronryp

14 jul 2017 - 10:50
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Menameradiel moat der alles oan dwaan om in fytsbrêge yn te setten by de bou fan de nije Van Harinxmakanaal-brêge yn Dronryp. Dat wolle de gemeenteriedsfraksjes fan CDA, VVD, Gemeentebelangen en FNP.

Sy hawwe hjiroer tongersdei in moasje yntsjinne yn de gemeenteried. Der komt wol in pontsje foar fytsers en fuotgongers, mar dat wurdt net altyd betsjinne. Dêrom soe der in fytsbrêge komme moatte, skriuwe de fraksjes.

De brêge yn Dronryp is 75 jier âld en oan ferfanging ta, swier frachtferkear mei der al in skoftlang net mear oerhinne. De nije brêge moat begjin 2019 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)