Plysje fynt himpkwekerij yn oanbou yn Grou
Yn in wenning oan de Hoxma yn Grou is tongersdeitemiddei in himpkwekerij oantroffen dy't noch yn oanbou wie. De 28-jierrige bewenster is oanholden. De apparatuer, de potgrûn en oar guod is yn beslach naam. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.