Opkreazjen fan it Blokhúsplein: dyk ticht foar ferkear

It Blokhúsplein yn Ljouwert wurdt freedtejûn ôfsletten foar al it ferkear. Fan sân oere jûns oant sneontemiddei trije oere wurdt der wurke oan de dyk. Bedoeling is dat de dyk moaier en mear by it sintrum lutsen wurdt. Boppedat moat de dyk ek feiliger wurde. Der wurde grutte tegels en led-ferljochting oanlein. Fierder wurdt de dyk, dêr't deis sa'n 10.000 auto's delride, in 30-kilometer sône en wurde der ekstra sebrapaden oanbrocht. It ferkear sil omlaat wurde. De hoarekagelegenheden oan de Twabaksmerk en yn it sintrum binne berikber.