Kollum: 'Hilda op spirituele reis'

14 jul 2017 - 08:37
  • Harkje nei de toan fan Hilda Talsma

"Ferline wike siet ik yn Glastonbury mei ús mem, yn it gebiet fan Avalon, bekend fan de leginden fan kening Arthur. It wurdt ek wol it hert-chakra fan de ierde neamd, dêr’t de manlike en froulike enerzjy tegearre komme. Dizze reis wie organisearre troch Stichting In-zicht en de Fryske paragnost Pieter Pieters wie ek mei. Jelle net want hy is al beroerd as er wiereek rûkt .

Mei  in groep fan 23 persoanen hawwe wy in soad dingen besjoen en belibbe en it klikte geweldich mei elkoar. Wy hawwe op in nochtere en humoristyske manier spiritueel west sûnder geseur en gedoch. We diene faak in meditaasje, dy’t laat waard troch Pieter, en ús fantastyske reislieders Oene en Jenny koene in soad fertelle oer de skiednis fan it gebiet.

No bin ik net sa’n stjer yn meditearjen en ik sit my al gau in breuk. Sa ek by de meditaasje by de stiensirkel fan Stanton Drew, want dy duorre nochal lang. Wy sieten allegear by in stien en fisualisearren in gouden ferbining tusken de stiennen om in 'forteks' te meitsjen. Pieter stie yn ‘e midden en helle ús ien foar ien op. Doe’t er my by de hân krige en ik mei de eagen ticht achter him oanrûn, hie ik gjin idee wat der barre soe.

Ik moast de earms wiid dwaan en tsjin ‘e klok yn draaie. Ik gong hieltyd hurder en koe net mear stopje. Ik moast der bot om laitsje en foar myn gefoel gisele ik as in gek yn ‘e rûnte oant Pieter my tsjinhold. Ik koe my goed yntinke dat dy druïden eartiids op sa’n manier ferdwûnen yn in oare diminsje of se hiene merke en wie dit de manier om te sweven.

Doe’t wy yn ‘e bus sieten nei in prachtige, mar lange hite dei, moasten wy noch nei Stonehenge. Dêr soene wy nei slutingstiid hinne sadat we tusken de stiennen rinne mochten. ‘No..  noch efkes nei in pear fan dy stiennen,’ suchte ús mem yn ‘e waarme bus, mar op it momint dat we dêr kamen, wie it fuortendalik hiel yndrukwekkend.

Wy stiene foar de yngong by de stiennen en moasten de hannen omheech dwaan. Op in bepaald momint koest in sterke druk fiele en yn ‘e sirkel sels wie dat ek sa. Myn hannen tintelen deroer en alles yn myn lea sei dat dit hiel spesjaal wie. It binne net samar in pear stiennen en der rinne dei en nacht 'bewakers' om.

Omdat dêr sa’n sterke enerzjy is, koene wy neffens Pieter de trilling en strieling ek sjen. Hy lei út hoe’t we dat dwaan moasten en doe ha ’k in aura sjoen, mar ek de enerzjy dy’t tusken de stiennen trille. Myn ferstân moast wer tajaan dat it echt sa wie. De sinne gong ûnder en it wie hast folle moanne … It wie betsjoenend moai.

Dizze reis gong benammen om fielen, om ynsicht te krijen en nei binnen te kearen. Yn ‘e hjoeddeiske wrâld fan uterlik fertoan is dat wol bysûnder. Der is safolle dat wy net sjen kinne, mar dat wol net sizze dat it der net is. Wy miene wol dat we in soad witte, mar yn in lang ferline wisten se neffens my folle mear.

Glastonbury wie in pracht! Hippys, heksen, goadinnen of mannen yn netpanty’s… it kin allegear en kinst der hearlik ite. Ik ha in wike lang op in oare golflingte sitten en libbe sûnder besef fan tiid. Mar ik wie bliid dat ik wer thús kaam. Jelle ek. Want salang’t syn eigen heks op ‘e bank sit, libbet hy yn in mearke.

Foar wa’t nijsgjirrich wurden is: www.in-zicht.nl

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)