Koarting op enerzjyrekken troch doarpsmûne Hjerbeam

14 jul 2017 - 08:23

Minsken yn 'e omkriten fan Hjerbeam kinne ynkoarten profitearje fan koarting op harren enerzjyrekken troch de 'buertmûne', in nije spiler op de enerzjymerk. It inisjatyf komt fan de lanlike enerzjykoöperaasje Qurrent en wynmolefabrikant EWT.

It doel is dat de earste buertmûne fan Nederlân yn Hjerbeam komt. Op it hiem fan in boer yn dat doarp stiet al in mûne. Der wienen al plannen om dy te ferfangen, mar troch der in buertmûne fan te meitsjen soene de omwenners der ek fan profitearje kinne, om't se gjin enerzjybelesting hoege te beteljen.

Neffens Mattijs Winter fan enerzjykoöperaasje Qurrent jildt de koarting net allinnich foar minsken yn Hjerbeam, mar ek foar guon gebieten yn Frjentsjer en Harns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)