Wethâlder Rijpstra wurdt direkteur fan Circulair Friesland

14 jul 2017 - 06:33
It nijsfoarum mei Hendrik Terpstra, Houkje Rijpstra en Renze Lolkema - Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel ferlit de polityk. Fan 1 septimber ôf sil se oan de gong as direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Dy feriening is foarich jier oprjochte troch it bedriuwslibben. De 54-jierrige Rijpstra, dy't alve jier wethâlder wie, sil har ûnder oare dwaande hâlde mei ûnderwerpen as sirkulêre lânbou, sirkulêr plestik, organyske reststreamen en iten. Doel is om yn 2025 dé sirkulêre EU-regio te wêzen.

Rijpstra hat in soad nocht oan har nije baan. "Ik sjoch de beweging rjochting in sirkulêre ekonomy as ien fan de grutste útdagings fan ús tiid. Mei myn ûnderfining yn sjoernalistyk en iepenbier bestjoer past dizze funksje hiel goed by my. Ik sjoch der tige nei út om my yn te setten foar dizze belangrike beweging en tink ek dat as it earne kin, dat dat yn Fryslân is."

De fraksje fan de PvdA sil op koarte termyn sykje nei in nije wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)