Ynwenners Marrum sjogge komst dongfergister net sitten

13 jul 2017 - 22:02

In grutte groep omwenners fan in te bouwen dongfergister yn Marrum hat tongersdeitejûn de gemeenteried fan Ferwerderadiel witte litten dat sy de komst fan de ynstallaasje hielendal net sitten sjogge. Dat jildt foar it hiele doarp, want sy wurde stipe troch doarpsbelang. De saneamde fergister soe 100.000 ton dong ferwurkje moatte. It doarp is benammen benaud foar stjonkerij en ferkearsoerlêst.

Fergunning ôfjûn

It giet om in plan fan enerzjybedriuw Engie op in plak oan de Botniawei. Dêr moat dong omsetten wurde yn grien gas. Foar sa'n ynstallaasje op dat plak is jierren lyn alris in fergunning ôfjûn. Wat de boel noch yngewikkelder makket, is dat it plan sa grut is dat de provinsje it foech dêr oer oernommen hat fan de gemeente.

Ferskate partijen yn Provinsjale Steaten hawwe al fragen steld oer de kwestje. Sawol de gemeente as it doarp wol no om tafel mei ferantwurdlik deputearre Michiel Schrier.

Trefwurden: 
Marrum dong fergister
(Advertinsje)
(Advertinsje)