Ljouwerter PvdA wol fertutearze westlike ynfalswei oanpakke

© Google Streetview
De Ljouwerter fraksje fan de PvdA wol dat de westlike ynfalswei yn Ljouwert oanpakt wurdt. De entree is no ûnsjoch, fynt de fraksje, en moat mei it each op Kulturele Haadstêd gau opfleure wurde. Guon gebouwen oan it Spoordok en de Harnzertrekwei binne fertutearze, ûnderspuite mei graffity en der is te min ienheid yn de bebouwing.
De PvdA wol dat der in fyzje ûntwikkele wurdt op it gebiet, sadat besikers in positive yndruk krije fan de stêd.