Menameradiel nimt ôfskied fan boargemaster Van Mourik

13 jul 2017 - 20:50
Tom van Mourik - Foto: Gemeente Menameradiel

De ried fan Menameradiel hat tongersdeitejûn offisjeel ôfskied naam fan boargemaster Tom van Mourik. De 60-jierrige Van Mourik giet nei de gemeente Smellingerlân. Hy wurdt dêr waarnimmend boargemaster.

Tom van Mourik folget yn Smellingerlân Tjeerd van Bekkum op. Van Bekkum wurdt de nije direkteur fan Kulturele Haadstêd 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)