Jeugd-tbs easke tsjin Bûtenposter foar misbrûk famke

13 jul 2017 - 20:10
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 22-jierrige man út Bûtenpost is tongersdei jeugd-tbs easke foar it misbrûken fan in lyts famke. De man soe yn septimber 2015 op in soarchpleats yn de gemeente Achtkarspelen in 9-jierrich famke seksueel misbrûkt hawwe. De Bûtenposter hat in ferstanlike beheining en autisme, en siet yn in groep mei oare kliïnten, wêrûnder it slachtoffer.

De mem fan it famke easket goed 2.500 euro foar de juridyske kosten en as smertejild. De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)