Tennisser Arends nei heale finale Challenger yn Braunschweig

13 jul 2017 - 19:24
Sander Arends yn aksje op Wimbledon - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Tennisspiler Sander Arends fan Ljouwert hat tongersdei de heale finale berikt fan it Challenger-toernoai yn it Dútske Braunschweig. Arends, dy't ferline wike noch as earste Fries ea op Wimbledon stie, spilet dizze wike mei Matwe Middelkoop út Breda.

Om't der woansdei troch de rein net spile waard yn Braunschweig, moasten Arends en Middelkoop tongersdei twa partijen tennisje. Earst wûnen se mei 6-3, 3-6 en 13-11 yn 'e supertiebreak fan de Amerikanen Cerretani en Schnur. Letter op de dei waard it 6-3 en 6-1 tsjin Fucsovics en Balazs út Hongarije.

Arends en Middelkoop spylje yn de heale finale tsjin de Dútsers Krawietz en Kretschmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)