Jeugddetinsje en wurkstraf foar man (23) om berneporno

13 jul 2017 - 18:30
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 23-jierrige eks-ynwenner fan Grou is feroardiele ta jeugddetinsje fan seis moannen ûnder betingst fanwegen it besit en it fersprieden fan berneporno. Ek moat er in wurkstraf fan twahûndert oeren útfiere.

Op de kompjûter fan de man waarden foto's en films mei berneporno fûn. De man hat autisme en in lege ûntwikkelingsleeftiid. De rjochtbank hat dêrom it jeugdstrafrjocht tapast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)