FIDEO: Hierders yn 'The Block' yn Ljouwert liede de needklok

13 jul 2017 - 17:20

'The Block', it gebou oan de Tesselsschadestrjitte yn Ljouwert is in jier lyn oplevere, mar in soad saken binne noch net ôfmakke. Beloofde balkons binne net oanlein, ferljochting is der net of wurket net en in fytsestalling is net ôfboud. Dochs betelje de hierders alle moannen 800 oant 1000 euro hier. En it giet net allinnich om it wengenot, mar ek om de feilichheid.

Der hingje ek gjin brânblussers. Mar fan de gemeentlike ynspeksjetsjinst hoecht dat ek net, want it giet hjir net om nijbou. Dochs wolle de hierders minder hier betelje. In lanlike hierkommisje hat de saak yn ûndersyk en docht yn septimber útspraak.

Trefwurden: 
The Block Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)