Grut plysje-ûndersyk by loads oan De Giek yn Drachten
De plysje hat yn in loads oan De Giek yn Drachten fjouwer minsken oanhâlden. Oer de reden dêrfoar wol de plysje gjin meidielings dwaan, in wurdfierder wol allinne kwyt dat it om in al rinnend ûndersyk giet. Mooglik dat der op lettere termyn noch meidielings komme. Der wie tongersdei in soad plysje by de loads.