Flater gemeente: wurksumheden Akkrum binne útsteld

13 jul 2017 - 16:34
De Boarn yn Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Minsken dy't mei in boatsje yn De Boarn yn Akkrum lizze, hoege net bang te wêzen dat se opsluten komme te lizzen. De oankundige wurksumheden binne útsteld oant nei de hjerstfakânsje. Ferline wike freed stiene der ynienen buorden dat de trochfeart op moandei ôfsletten wurde soe. Dat soe betsjutte dat se de hiele simmer net mear troch de iennige beweechbere brêge kinne soene. Boatsjeminsken en omwenners waarden oerfallen troch dit nijs.

De gemeente Hearrenfean jout ta dat der in kommunikaasjeflater makke is en hat de wurksumheden útsteld.

Trefwurden: 
Akkrum boat De Boarn
(advertinsje)
(advertinsje)