Tútsjende oerfaller moat twa jier de sel yn

© Srfotografie
In man dy't yn febrewaris in tankstasjon yn Drachten oerfallen hat, moat twa jier de sel yn. By de oerfal bedrige de man de meiwurkster fan de tankshop mei in mes. Doe't sy him jild út de kassa jûn hie, joech er har in tút op de mûle.
Neffens justysje wie dat hiel denigrearjend foar de frou. Sy hat hat bot bedrige field. De fertochte wie net by de útspraak. Hy hat Algerynske nasjonaliteit en is ta net-winske frjemdling ferklearre. Op it stuit sit er yn it útsetsintrum yn Ter Apel.