Torenplein yn Surhústerfean krijt de bankjes net werom

13 jul 2017 - 14:47

Surhústerfean krijt syn bankjes op it Torenplein net werom. De gemeente Achtkarspelen fynt dat net goed. Der sieten geregeld groepen jeugd op de bankjes en dy soargen foar oerlêst. Se smieten harren rommel op de grûn en fernielden de boel. Der binne doe betonkubussen delset en no is it sa goed as dien mei de oerlêst.

Pleatslik Belang Surhústerfean is bot teloarsteld oer it beslút fan de gemeente Achtkarspelen om de tritich jier âlde bankjes op it Torenplein net werom te pleatsen. Neffens in wurdfierder is de beslútfoarming fan de gemeente basearre op de ferkearde útgongspunten. Pleatslik Belang wachtet de formele reaksje fan de gemeente ôf en beriedt him dêrnei op in reaksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)