Harns hellet ferkearsbuorden fuort

13 jul 2017 - 14:22
Ferkearsbuorden - Foto: ANP

Harns is begûn mei it fuortheljen fan in tal ferkearsbuorden yn de gemeente. Ut in ynventarisaasje hat bliken dien dat tsien prosint fan de buorden oerstallich is. Neffens de gemeente kin dat tefolle oan buorden just foar ûnfeilige situaasjes soargje.

De fuorthelle buorden gean yn de gemeentlike opslach en wurde op termyn wer brûkt. It earste oerstallige ferkearsboerd is tongersdei fuorthelle troch wethâlder Harry Boon.

Trefwurden: 
ferkearsbuorden Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)