Brânwacht op besite by minsken dy't efterôf wenje

13 jul 2017 - 14:09

De brânwacht giet de kommende tiid op besite by 1800 huzen. It giet om huzen dy't op plakken lizze dêr't de brânwacht net binnen de 18 minuten wêze kin, bygelyks yn it marregebiet. By de besites sille de bewenners der op wiisd wurde wat se sels dwaan kinne om brân foar te kommen. Ek sjocht de brânwacht mei de bewenners nei ûntsnappingsmooglikheden mocht der wol brân wêze.

De besites begjinne nei de simmer en de brânwacht hopet ein takom jier klear te wêzen. Doel is dat safolle mooglik lokale brânwachtminsken de besites dogge.

Trefwurden: 
brânwacht berikberens besite
(Advertinsje)
(Advertinsje)