Regina Bouius-Riemersma (48) is de nije provinsjesekretaris

13 jul 2017 - 12:43
Regina Bouious

De 48-jierrige Regina Bouius-Riemersma fan It Hearrenfean wurdt de nije provinsjesekretaris fan de provinsje Fryslân. Se is no noch direkteur by it Universitair Medisch Centrum yn Grins. Se begjint yn oktober op it provinsjehûs. Earder wie se ek gemeentesekretaris yn Zwolle en wurke se by ministearjes. As provinsjesekretaris soarget se foar de ferbining tusken Deputearre Steaten en de amtlike organisaasje en as algemien direkteur stjoert se dy amtlike organisaasje oan.

DUO en IND

Se wie by it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen plakferfangend direkteur-generaal en haaddirekteur fan de ôfdeling tsjinstferliening by DUO, dy't oer de stúdzjefinansiering giet. En se hat in skoft direkteur Asiel west by de Immigratie- en Naturalisatie Dienst. Yn Fryslân wurke se as foarsitter fan de ried fan bestjoer fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land.

Frou Bouius folget Guus van den Berg op, dy is yn maaie nei Zaanstad gien, dêr is hy ynterim-gemeentesekretaris wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)