Blau-alch oantroffen yn Aldegeaster Brekken

13 jul 2017 - 12:34
Blau-alch - Foto: ANP

Der sitte blau-algen yn de Aldegeaster Brekken. De provinsje riedt minsken dan ek ôf om dêr te swimmen, omdat se siik wurde kinne. Der binne by it swimplak by Aldegea (Súdwest-Fryslân) buorden pleatst dêr't op stiet dat minsken der better net swimme kinne.

De provinsje hâldt alle swimplakken yn Fryslân yn de gaten, alle ynformaasje dêroer is te finen op www.zwemwater.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)