Trije Ljouwerters foar de rjochter fanwege ynbraken

© Omrop Fryslân
Trije Ljouwerters stiene tongersdei foar de rjochter foar in rige fan ynbraken yn de provinsje. De stellerij wie nedich om harren ferlet oan himp te bekostigen, alle trije wiene se slim ferslave oan blowen.
Op it momint fan de ynbraken wenne it stel en harren freon yn Boalsert. Se sloegen harren slach yn ûnder oare Westhim, Winsum, Nijlân en Hilaard. Der waard in auto, disel, in kettingseage en in gersmeaner stellen.
De offisier fan justysje easke tsjin it stel in wurkstraf fan 120 oeren en trije moanne selstraf ûnder betingst. De freon hie al in flink strafblêd, tsjin him waard in selstraf fan in jier easke. De rjochter docht oer twa wike útspraak.