"Plan fan provinsje tsjin guozze-oerlest kin juridysk net"

13 jul 2017 - 12:20

It is juridysk ûnmooglik om in oere foar sinne-opkomst oant in oere nei sinneûndergong op guozzen te jeien. Dat seit advokaat Ivo van der Meer fan Rotshuizen Geense Advocaten. De Fryske Steateleden wolle dat wol en by it debat oer de guozzejacht yn de Steaten ha se dat fêstlein, mar neffens de advokaat kin it net.

Twa wiken lyn hat de Ried fan Steat de provinsje Noard-Hollân op de fingers tikke by in saak oer de jacht op guozzen. It heechste rjochtsorgaan stelt dat it tsjin de Fûgelrjochtline is. Der mei dus gjin ûntheffing foar jûn wurde.

Twivels

Van der Meer twivelet ek oft de provinsje it oantal te sjitten guozzen samar ferheegje mei nei 210.000. Hy fynt it in grut ferskil mei de 85.000 dy't no tastien binne. Dat moat de provinsje juridysk goed ûnderbouwe kinne, seit er.

Deputearre Johannes Kramer tinkt dat mei it nije oantal de skea dy't de guozzen feroarsaakje, mei sa'n 10 persint werombrocht wurde kin. Dat is ien fan de doelstellingen út de nije plannen fan de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)